Mar
26
2009

Oer

State Of The Map is de jierlikse konferinsje fan OpenStreetMap, de frije, sels oan te passen wrâldkaart. Yn de simmer fan 2009 sil de tredde edysje wêze yn Amsterdam. Foar it earst sil de konferinsje trije hiele dagen duorje, fan freed 10 oant en mei snein 12 july.

Eardere edysjes, yn 2007 yn Manchester en yn 2008 yn Limerich, lutsen in publyk fan oer de hiele wrâld. Minsken dy’t mei OpenStreetMap dwaande binne mar ek professionals yn GIS en IT dy’t ôfkamen op in programma mei sprekkers fan bygelyks Google, MultiMap, AND en Ordnance Survey.

It wykein stiet yn it ramt fan de OpenStreetMap-mienskip. Ôffeardigen fan oer de hiele wrâld bringe mekoar op de hichte fan de stân fan saken yn harren lân en diskusjearje oer de takomst fan de kaart. Op de freed wurdt de rjochten OpenStreetMap har blik just nei bûten. Op dizze dei draait it om saken as: “Wat is de echte wearde fan geo-ynformaasje?”, “Hoe kin in troch de mienskip opboud inisjatyf as OpenStreetMap konkurrearje mei kommersjele oanbieders?”. Op dizze fragen wurdt yngean troch foaroansteande sprekkers út de GIS en IT wrâld en de polityk. Dizze dei is nijsgjirrich foar elk dy’ t himsels profesjoneel mei geo-ynformaasje dwaande hâldt.

OpenStreetMap is in frije wrâldkaart wêroan eltsenien meidwaan kin. Sûnt 2004 wurdt er wrâldwiid troch mear as 100.000 frijwilligers eltse dei oan wurke. Yn Nederlân is de kaart tige kompleet en detaillearre, troch in data-donaasje fan AND yn 2007 en in oe sa aktive mienskip fan frijwilligers.

Foar mear ynformaasje oer OpenStreetMap kinne jo kontakt opnimme mei team@osmfoundation.org

Written by Henk in: |

No Comments

Comments are closed.


State Of The Map would not be possible without the generous support from our sponsors:

Diamond

Gold

Silver

Bronze

 

Venue Partner

 

Media Partner

 

Consider supporting
State Of The Map?
Click here.

The State of the Map © 2009 | OpenStreetMap Foundation Reg. No. 591276